Arrestaasje fanwege drugs

24 sep 2009 - 10:01

In Ljouwerter (28) is woansdeitejûn oanhâlden om´t er in buske pepperspray by him hie. De plysje hie in melding krige dat in man stie te razen by Achter_de_Hoven. Hy koe net goed mear rinne en like yn ´e war te wêzen.

Doe´t plysjes him fregen om syn legitimaasje helle er it buske pepperspray út ´e bûse. Hy is oanhâlden en meinommen nei it plysjeburo. Dêr die bliken dat er ek drugs by him hie, nei alle gedachten GHB. De man sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)