Arrestaasje fanwege brân Snits

28 jan 2004 - 00:00

De plysje hat tiisdei in ynwenner fan Snits oanhâlden foar de grutte brân yn it sintrum fan 'e stêd. It giet om de foarbygonger dy't de brân melden hat. De plysje wol net sizze oft de man fertocht wurdt fan brânstichting.

Fjouwer gebouwen oan it Ald Tsjerkhôf en de Alde Komerk baarnden folslein út. In njoggental oaren hie reek- en wetterskea. It is noch net dúdlik hoe grut oft de skea is. Dúdlik is wol dat dy yn de miljoenen euro's rint.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)