Arno Brok foarsitter Afûk

01 maaie 2003 - 00:00

De Afûk, de Algemiene Fryske Underwiis Organisaasje, hat in nije foarsitter. It is Arno Brok fan Ljouwert. Brok is ek wethâlder yn de stêd foar de VVD. Hy folget Wietze de Haan op dy't de ôfrûne 12 jier foarsitter wie. De Haan is koartlyn steatelid wurden.

Brok is in goede bekende fan de Afûk. Hy is der ea sels begûn as kursist en is fierder ek lid fan it Konsultatyf orgaan foar it Europeesk hânfest fan de regionale of minderheidstalen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)