Armeense Nazan en gesin meie defintyf yn Nederlân bliuwe

05 okt 2015 - 19:51
  • Mem Nazan, earder by de aksje fan SC Hearrenfean

De Armeense Nazan en har gesin meie bliuwe. Dat hat de steatssekretaris moandei bekend makke. Nazan Sahakyan en har bern Mariana en Soeren wenje al 14 jier yn Nederlân, wêrfan it grutste part op It Hearrenfean. Dêr is Nazan ek al jierren aktyf foar SC Hearrenfean. Sy fangt jonge fuotballers op.

De fuotbalklup hat grut aksjefierd foar it gesin. De skoalle fan soan Soeren kaam ek yn aksje. Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat lobbyd yn Den Haach foar Nazan, Mariana en Soeren.

Neffens Ben Takkenberg fan SC Hearrenfean is it gesin út de skroeven no't se definityf bliuwe meie yn Nederlân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)