Armanda Stuiver fynt earste ljipaai fan Fryslân

14 mrt 2016 - 12:55
  • Armanda Stuiver mei it earste ljipaai, rjochts har heit Jan Stuiver
  • Earste ljipaai fan 2016
  • Kommissaris Jorritsma lit de oarkonde sjen dy't by it earste ljipaai heart

Yn de greide tusken It Hearrenfean en Sint-Jânsgea is moandeitemoarn tsjin tolve oere it earste ljipaai fan Fryslân fûn. De 25-jierrige Armanda Stuiver fûn it aai yn de greide oan de Vogelzangwei. Neffens foarsitter Rendert Algra fan it BFVW is it de twadde kear yn 'e skiednis dat it earste ljipaai troch in frou fûn is.

It aai is al lottere en farsk. It is no it doel dat kommissaris fan de Kening John Jorritsma op learzens it lân yn giet om it ljipaai op lokaasje te besjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)