Arlman: ryksnota ien grut fersin

27 apr 2004 - 00:00

Boargemaster Arlman fan Harns neamt de kabinetsnota Ruimte, dy't tiisdei ferskynde 'ien grut fersin'. Yn de nota stiet dat de Westergosône oanwiisd wurdt as nasjonaal lânskip. Dat hâldt yn dat it kabinet de strkke wichtich fynt foar natuer en rekreaasje.

Arlman fynt dat nuver, omdat de Westergosône in ekonomyske kearnsône is. Neffens him moat it wol in fersin wêze. It utfieren fan 'e nota soe de ûntwikkeling fan Harns op slot sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)