Ark út auto's stellen

08 sep 2011 - 10:26

Op De Gordyk en yn Beetstersweach is de ôfrûne dagen op ferskate plakken ark stellen út bedriuwsauto's. Dat wie ûnder oare op de De Vlecke en de Mouterij op De Gordyk en oan de Bommegaerde yn Beetstersweach. Ut alle auto's mist elektrysk guod, lykas boarmasines. De dieven fernielden portieren en autoruten om deryn te kommen.

De plysje ropt op gjin ark yn de auto lizze te litten en by fertochte omstannichheden 112 te beljen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)