Ark Lânskipsbehear stellen

04 maaie 2010 - 16:01

De bûtentsjinst fan Lânskipsbehear Fryslân mist foar 30.000 euro oan ark. It is stellen tusken 29 april en 3 maaie út de wurkpleats fan Lânskipsbehear op 'e Gordyk. By de ynbraak binne ûnder mear motorseagen, fleksen, skjirmasines en boarmasines fuorthelle. Der moat dalik nij ark komme om't minsken net sûnder kinne.

De dieders kamen deryn de doarren mei in koefoet iepen te brekken. In 49-jierrige ynwenner fan Bonkebok hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)