Arjan Stroetinga wint wer

25 okt 2008 - 21:19
  • Arjan Stroetinga wer mei macht

Wat Elma de Vries by de froulju docht, docht Arjan Stroetinga by de manlju. Foar de maratonreedrider fan Waskemar wie it sneontejûn yn Deventer ek al wer de fjirde oerwinning. Stroetinga krige Sjoerd Huisman en Alexis Contin njonken him op it poadium. By de earste tsien ek: Douwe de Vries (7), Jeroen de Vries (9) en Bob de Vries (10).

Yn it klassemint hat de regearjend kampioen op keunst- en natoeriis no in grutte foarsprong op Karlo Timmerman.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)