Arjan Stroetinga wint mei macht in machtige maraton yn Grins

20 des 2014 - 23:02
  • Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga hat sneontejûn de alfde maraton fan it seizoen yn Grins mei in machtige einsprint wûn. It waard yn Kardinge in slitaazjeslach, benammen troch it hurd meitsjen fan de maraton troch de ploech fan Jillert Anema. Mei Stroetinga, Jorrit Bergsma, klassemintslieder Bob de Vries, Ingmar Berga en Niels Mesu stiet der fierwei de sterkste ploech op 'e baan. Stroetinga, moai brocht troch syn ploech, moast yn de einsprint ôfrekkenje mei de Italiaan Fabio Francolini. Doe't dy yn de lêste bocht in misslach makke, wie it maklik.

De Belch Bart Swings waard twadde, Simon Schouten tredde.

By de froulju gong de winst yn de massasprint nei Mariska Huisman. Manon Kamminga waard twadde, Foske Tamar van der Wal tredde.

Op de neimiddei wie der ek noch de finale fan de massastartkompetysje. Ek doe wiene Arjan Stroetinga en Mariska Huisman de sterksten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)