Arjan Stroetinga wint massastart Salt Lake City

22 nov 2015 - 23:02
  • Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga hat mei in machtige einsprint de massastart yn Salt Lake City wûn. De trijefâldich Nederlânsk kampioen en ek wrâldkampioen út Waskemar koe it hurde wurk fan syn ploechmaat Jorrit Bergsma yn it lêste rûntsje ôfmeitsje. De Italiaan Fabio Francolini waard twadde, de Belch Bart Swings tredde.

By de froulju kaam de winner ek út de ploech fan Jillert Anema. Irene Schouten sprinte alle oare froulju derút.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)