Arjan Stroetinga wint KNSB Cup

22 feb 2009 - 22:26
  • Stroetinga wûn de sprint fan it peleton (foto Martin de Jong)

It koe eins al net mear misgean mei Arjan Stroetinga, mar troch in tredde plak yn de trettjinde en lêste maraton om de KNSB Cup yn Hoorn krige de einoerwinning ek noch wat mear glâns. Twa man, Jochem Uithoven en Crispijn Ariëns, hiene in rûntsje foarsprong op it peloton. Uithoven wûn, Ariëns waard twadde en Stroetinga wûn de pelotonsprint.

Yn de einstân hat Arjan Stroetinga 292,5 punten, ploechmaat Bob de Vries waard mei 239,2 punten twadde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)