Arjan Stroetinga wint einklassemint massastart yn Thialf

13 mrt 2016 - 18:21
  • De finish by de manlju mei winst foar Bart Swings
  • Irene Schouten (l) en Carien Kleibeuker (r) nei de finish fan de massastart by de froulju

Arjan Stroetinga hat snein by de massastart yn it finalewykein fan it wrâldbeker reedriden it einklassemint pakt. De Fries waard tredde yn de lêste massastart fan it seizoen, mar hie genôch punten om it einklassemint te winnen.

Jorrit Bergsma gong flak foar de ein noch in skoft oan kop maar waard ynrekkene. Yn in spannende sprint mei de Italiaan Fabio Francolini, Stroetinga en de Belch Bart Swings ferlear Stroetinga it fan de rappe Belch. Bergsma waard fjirde.

By de froulju gong de deiwinst nei Irene Schouten. Schouten wie hurd fallen, mar waard mei help fan de Friezinne Carien Kleibeuker werombrocht yn de race. It einklassemint ferskilt net mei de einútslach fan de massastart: Schouten pakt it goud, foar Ivanie Blondin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)