Arjan Stroetinga wint de 10 km, Jan Blokhuijsen is kampioen

24 jan 2016 - 17:47
  • Arjan Stroetinga wûn de 10 km fan it NK allround

Arjan Stroetinga hat snein de 10 km fan it NK allround op syn namme skreaun yn in tiid fan 13.11.35. Twadde waard Jan Blokhuijsen yn 13.17.07 en tredde Douwe de Vries yn 13.21.92.

Dizze útslach betsjutte dat Jan Blokhuijsen de nije kampioen fan it NK allround is. Douwe de Vries fan It Hearrenfean lei beslach op it sulver, syn bêste prestaasje ea op in NK. It brûns wie foar Patrick Roest. Arjan Stroetinga einige as fjirde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)