Arjan Stroetinga wint A'dam

18 des 2010 - 22:48
  • Arjan Stroetinga (foto: KNSB)

Arjan Stroetinga liet sneontejûn yn Amsterdam sjen dat de foarm der wer is. Hy wie yn de tsiende maraton om de KPN Cup de rapste yn de massasprint. Karlo Timmerman waard twadde, ploechmaat Jorrit Bergsma tredde. Dat tredde plak kaam Bergsma ta, neidat Christijn Groeneveld troch de sjuery weromsetten wie.

By de froulju gong de winst nei Foske Tamar van der Wal. Sy fersloech yn de massasprint Carla Zielman fan Rottum en Jolanda Langeland.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)