Arjan Stroetinga wer kampioen

26 des 2011 - 18:16
  • Arjan Stroetinga

Arjan Stroetinga fan Waskemar is moandeitemiddei foar de fjirde kear yn syn karriêre Nederlânsk kampioen op de maraton wurden. Yn iisstadion Thialf op It Hearrenfean wûn Stroetinga de sprint foar Karlo Timmerman en Jan Maarten Heideman. Ingmar Berga waard fjirde. De 30-jierrige Stroetinga waard earder kampioen op de maraton yn 2008, 2010 en 2011. Stroetinga is mei fjouwer nasjonale titels no rekôrhâlder yn Nederlân. Jan Maarten Heideman, Lammert Huitema, Jan Kooiman, Co Giling en Bert Jan van der Veen wisten allegearre de titel trije kear te pakken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)