Arjan Stroetinga wer de rapste

29 des 2012 - 22:51
  • Arjan Stroetinga

Wurdt it massasprint, let dan op Arjan Stroetinga. Sneontejûn yn Enschede by de tolfde wedstriid om de KPN Maraton Cup wie it wer safier. Yn de massasprint nei 125 rûntsjes wie de Waskemarder wer ris net te hâlden. Stroetinga davere oer it iis en pakte sa syn fiifde oerwinning fan it seizoen. Klassemintslieder en ploechmaat Christijn Groeneveld waard twadde, Durk Fabriek fan Jobbegea tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)