Arjan Stroetinga kampioen

26 des 2010 - 17:09
  • De winst is foar Arjan Stroetinga (foto: Sportfoto.nl)
  • De kampioen yn de krâns (foto: Sportfoto.nl)

Arjan Stroetinga fan Waskemar is twadde krystdei yn Utrecht Nederlânsk Kampioen maraton op keunstiis wurden. Twadde wie Ingmar Berga en Christijn Groeneveld waard tredde. De hiele wedstriid besochten riders los te kommen fan it peleton, mar dat slagge net ien. Uteinlik waard it lykas by de froulju in massasprint. De BAM ploech soarge der foar dat Stroetinga úteinlik de wedstriid winne koe.

It is de tredde kear dat Stroetinga Nederlânsk kampioen wurden is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)