Arjan Postma promoatet fiskmigraasjeprojekt by de Ofslútdyk

30 des 2015 - 19:17

Boskwachter en tv-persoanlikheid Arjan Postma sil it fiskmigraasjeprojekt by de Ofslútdyk op de kaart sette. By de Ofslútdyk wurdt in fiskmigraasjerivier oanlein, sadat fisken hinne-en-wer swimme kinne tusken de sâlte Waadsee en de swiete Iselmar. Dit soe goed wêze foar ferskate fisksoarten.

"Spannendste natuurproject in Nederland"

Om it projekt te promoatsjen, wurdt Postma fan 1 jannewaris ôf beneamd ta Nationale Viswachter. Hy sil minsken ynformearje oer en ynspirearje foar it ûnderwetterlibben en yn it bysûnder de fiskmigraasje. Postma is al wakker entûsjast oer syn taak. De fiskmigraasjerivier neamt er "het spannendste natuurproject in Nederland".

Fassinaasje

Postma is al jierren fassinearre troch de ûnderwetterwrâld. "Het is een verborgen wereld die nog niet veel mensen kennen, terwijl het toch vlak onder onze voeten ligt. Niemand woont ver weg van een slootje."

Seehûnen en seearenden

De fiskmigraasjerivier wurket op it ritme fan ebbe en floed. Swiet en sâlt wetter minge harren stadichoan yn de lange rivier. Postma: "Op de grens van zoet en zout ontstaat straks een heel nieuw natuurgebied waar je de dynamiek van het systeem van heel dichtbij kunt bekijken. Er is zoveel biomassa in beweging, daar gaat een heleboel leven in zitten. Allerlei dieren profiteren daar van mee. Zeehonden, zeearenden en sterns ga je er allemaal zien."

Gearwurking

De fiskmigraasjerivier is in inisjatyf fan de Waddenvereniging, It Fryske Gea, Sportvisserij Nederland, Samenwerkingsverband Het Blauwe Hart en Vereniging Vaste Vistuigen Noord.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)