Arisspiler fertocht fan berôving

02 des 2004 - 12:43

Spiler Lamont Randolph fan basketbalclub Aris yn Ljouwert wurdt fertocht fan berôving mei geweld. Tsjin de Amerikaan is in wurkstraf fan 240 oeren en 3 moanne ûnder betingst easke.

De Amerikaan (37) soe tegearre mei in prostituee dy't oan 'e drugs wie, in ferslaafde man berôve hawwe. Dat barde ferline jier oktober yn 'e stêd Grins. Aris stiet op it earste plak yn de earedivyzje. It Aris-bestjoer sil gjin maatregels nimme tsjin Randolph.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)