Aris:nije coach en haadsponsor

17 maaie 2011 - 13:22
  • Arie de Liuw, de maskotte fan Aris

Basketbalklup Aris hat in mûnling akkoart mei in nije haadsponsor en in nije trainer. Dêrmei is de Ljouwerter klup wis fan noch in jier basketbal yn de earedivyzje. Dit seizoen makke fersekeringsmaatskippij De Friesland bekend op te hâlden as haadsponsor.

Troch de komst fan in nije haadsponsor, kin Aris op ûngefear deselde foet trochgean as it ôfrûne seizoen. Boppedat hat Aris in opfolger foar coach Pete Miller. Wa't dat is, hopet de klup gau bekend te meitsjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)