Aris yn heale finale play-offs

23 apr 2013 - 21:50
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris sitte yn de heale finale fan de play-offs om it Nederlânsk kampioenskip. De Ljouwerter klup hat tiisdeitejûn thús de tredde wedstriid fan Landstede Zwolle wûn. It waard 68-67 yn it foardiel fan de Ljouwerters. It slot fan de wedstryd wie in spektakel. Tritich sekonden foar tiid wie it 65-67 foar Zwolle. Der folge in time-out en dêrnei skeat Valentijn Lietmeijer Aris mei in trijepunter nei de heale finale. EiffelTowers Den Bosch is dan de tsjinstanner. De ploech dy't it earst trije kear wint is finalist.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)