Aris wol wer meispylje

31 maaie 2013 - 18:15
  • Aris Ljouwert

De Ljouwerter basketbalklup Aris hat him dochs ynskreaun foar in nij seizoen yn de earedivyzje. Der is noch altyd gjin haadsponsor foar de klup, mar neffens it bestjoer binne der wol positive ûntwikkelingen geande. Aris moast him ynskriuwe foar ien juny. De kommende wiken wurdt der mear dúdlikheid ferwachte, oer sawol in nije sponsor as ek oer de needsaaklike ferbouwing fan sporthal It Kealledykje yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)