Aris wint yn thriller fan Rotterdam

22 mrt 2015 - 00:41
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris hawwe sneon goeie saken dien. Der waard yn in spektakulere wedstriid mei 75-74 wûn fan Rotterdam. Troch in lette skoare fan Tjoe de Paula gie de oerwinning dochs noch mei nei Ljouwert. Hy makke twa sekonden foar tiid in twapunter, wêrtroch de ploech fan Tom Simpson winne koe.

Troch de oerwinning giet Aris in plakje omheech op de ranglist. It giet Rotterdam no foarby. Troch de oerwinning is Aris in stap tichteby de play-offs. Dêrfoar moatte de Ljouwerter basketballers by de earste seis einigje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)