Aris wint yn Bergen op Zoom

27 mrt 2007 - 22:18
  • De stân waard 89-93

De basketballers fan Aris út Ljouwert hawwe tiisdeitejûn de earedivysje-wedstriid yn en tsjin Bergen op Zoom wûn. It waard 89-93. Dêrmei stiet de ploech fan trainer André Roorda fêster op it achtste plak, dat nedich is om de play-offs te heljen.

Aris hat no 26 punten út 36 duels. De nûmer njoggen, Leiden, folget no op twa punten en ien wedstriid minder spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)