Aris wint yn Bergen op Zoom

19 okt 2003 - 00:00

De Ljouwerter basketballers fan Aris wûnen sneon foar de nasjonale beker frij maklik fan haadklasser Jumping Crabs. Yn Brabân waard it 55-89 foar Aris. Mei de rêst giene de Ljouwerters al mei 26-44 oan de lieding. De winst hie noch grutter útfalle kinnen as Aris wat minder balferlies hân hie.

Topskoarers by Aris wiene Hans Logtenburg(26 punten), Arno Bunnig(19), Maarten Huizinga(14) en Erik Schuur mei 10 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)