Aris wint wer fan Den Bosch

18 des 2008 - 22:33

De basketballers fan Aris Friesland hellen woansdeitejûn wer ris in stunt út. Topclub EiffelTowers út Den Bosch waard yn sporthal It Kealledykje mei 92-91 ferslein. Dat barde yn de alderlêste tel fan de wedstriid.

De Ljouwerters begongen hiel aardich (23-10), mar de romme foarsprong bleau tsjin de fjirtjinfâldich Nederlânsk kampioen net lang bestean. Yn it lêste kwart rûn de spanning geweldich op. De lêste twa winnende punten waarden makke troch Rein van der Kamp.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)