Aris wint út fan Den Bosch

14 feb 2010 - 15:26

De basketballers fan De Friesland Aris út Ljouwert hawwe sneontejûn yn Den Bosch mei 92-83 wûn fan EiffelTowers. Aris stie nei it earste kwart noch achter mei 27-19. Mar de Ljouwerters pakten it twadde, tredde en fjirde kwart mei 21-17, 27-23 en 25-16.

Aris stiet no op it sechsde plak yn de kompetysje mei 24 punten út 24 wedstriden. GasTerra Flames út Grins fiert de ranglist oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)