Aris wint troch einsprint fan Weert

09 jan 2016 - 22:12
  • Oerlis by Aris (argyffoto)

Aris Ljouwert hat sneontejûn yn in healwize basketbalwedstriid mei 92-81 wûn fan nûmer lêst Weert. Aris begûn stroef yn It Kealledykje, mar pakte yn it twadde kwart de foarsprong. Healwei stie it 43-33 foar de Ljouwerters. Dy marzje bleau yn it tredde kwart (64-54). Yn it fjirde en lêste kwart barde der fan alles. Weert kaam sels op in 81-80 foarsprong. Dêrnei folge in geweldige einsprint fan Aris mei de sechsde winst fan it seizoen. Javier Duren mei 34 punten en Josiah Heath mei 18 wiene goud wurdich foar Aris.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)