Aris wint thús fan Zwolle

13 apr 2014 - 17:52
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris hawwe snein foar it earst dizze kompetysje wûn fan Zwolle. Yn It Kealledykje waard it 88-78 yn it foardiel fan de Ljouwerters. Aris naam fan begjin ôf de lieding en rûn yn it earste kwart út nei in 23-8 foarsprong. Foar rêst wist Zwolle de efterstân yn te rinnen oant 41-36.

Yn it tredde kwart wreide de ploech fan trainer Tom Simpson de foarsprong út nei 58-50. Yn it lêste kwart rûn Aris mei noch 7 minuten op 'e klok út nei 63-54. Zwolle kaam noch efkes werom (75-68) mar dêrnei makken de Ljouwerters dien wurk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)