Aris wint rom fan Rotterdam

09 apr 2012 - 18:12
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Lasaulec Aris hawwe peaskemoandei yn eigen hûs mei 85-61 wûn fan nûmer lêst Rotterdam. Yn it Kealledykje setten de Ljouwerters goed útein. Nei it earste kwart stie der in foarsprong fan 26-17 op it boerd. Topskoarder Brandon Rozzell hie it fizier wer op skerp en skeat de Ljouwerters foar rêst nei 45-30. Nei de tee wienen de Ljouwerters ek fierwei de bettere ploech.

De ploech fan Erik Braal wie al wis fan it sechde plak yn einstân fan de reguliere kompetysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)