Aris wint mar krekt fan Weert

30 mrt 2014 - 19:51
  • Aris Ljouwert

Aris hat snein yn it Kealledykje mei 80-70 wûn fan nûmer lêst Maxxcom BSW út Weert. De oerwinning wie op it nipperke. By it skoft stie it nammentlik 35-34 foar Weert. Uteinlik koenen de Ljouwerters de oerwinning yn it tredde en fjirde kwart oprêde. Sa as wol faker de lêste wiken wie Darius Theus de grutte man oan de kant fan Aris. Hy soarge foar leafst 25 fan de 80 punten. Troch de oerwinning kin Aris de play-offs hast net mear misrinne. De ploech fan Tom Simpson stiet op it sânde plak, mei seis punten foarsprong op nûmer acht Amsterdam.

Kommende wike moat Aris op besite by nûmer njoggen Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)