Aris wint krekt net

27 okt 2007 - 23:33

Basketbalklub Aris Friesland wie ticht by in ferrassende oerwinning, mar ferlear úteinlik fan Eiffeltowers út Den Bosch. It waard 95-100. De hiele wedstriid gie it lyk op, mar yn it lêste kwart pakte Eiffeltowers in foarsprong. Dy joech de kampioen fan de ôfrûne twa jier net mear fuort.

Topskoarer oan 'e Ljouwerter kant waard Dillion Sneed mei 26 punten. Aris is no ien-nei-lêste mei twa punten út seis wedstriden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)