Aris wint fan Zwolle mei 96-83

03 mrt 2013 - 00:07
  • Aris Ljouwert

Aris Ljouwert hat de thúwedstriid tsjin Landstede Zwolle mei 96-83 wûn. Aris wie yn it Kealledyke foar it skoft de bettere ploech. Healwei stie it 55-43. Dêrnei kaam Zwolle sterk werom, benammen omdat Aris sloaderich begûn it spyljen. By 70-67 oan it begjin fan it lêste kwart wie de spanning wer folslein werom. Doe krige Aris de guit en rûn de ploech út nei in fertsjinne oerwinning. Aris stiet no wer fjirde yn de kompetysje. Woansdei spilet de ploech yn en tsjin Leiden, snein komt Zwolle wer op besite.

Dan wurdt de twadde heale finale foar de beker spile. Aris moat dan mei mear as 17 punten ferskil winne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)