Aris wint fan Weert

03 des 2011 - 22:12
  • Aris

De basketballers fan Lasaulec Aris ha de fiifde oerwinning fan it seizoen binnen. Tsjin Weert, de nûmer foarlêst, waard in drege 83-77 winst beskrept. Healwei hiene de Ljouwerters yn sporthal It Kealledykje in 39-33 foarsprong. Dy marzje waard útwreide nei 61-47, mar Weert joech gjin belies. Aris, sûnder Manny Adako, koe dochs de winst binnen helje. Aris hat no fiif kear wûn en ek fiif kear ferlern. De ploech stiet op it sechsde plak mei 10 punten. Under Aris stean Weert en Rotterdam mei mar twa punten. Earder dit seizoen wûn Aris mei 88-70 fan Weert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)