Aris wint fan Omniworld 2

15 feb 2004 - 00:00

Sûnder problemen hat Aris freed in oerwinning helle yn Almere. It waard 66-92. Omniworld 2, earder dit seizoen noch in lêstige tsjinstanner foar de basketbalploech út Ljouwert, waard foaral yn it twadde en tredde kwart fan de wedstriid fuortfage.

Lamont Randolph wie mei 26 punten de grutte man oan de kant fan Aris. Aris stiet noch altyd boppe-oan yn de promoasje-divyzje. 28 febrewaris spilet de ploech tsjin de nûmer 2, Early Bird.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)