Aris wint fan Nijmegen

19 nov 2006 - 12:13

De basketballers fan Aris hawwe sneontejûn de útwedstriid tsjin Nijmegen mei 89-81 wûn. De Ljouwerters begûnen sterk oan de wedstriid.

Sy pakten 20 punten foarsprong op Nijmegen. Dêrnei kaam der in goeie faze foar de Nijmegenaren en kamen se tichtby Aris. Yn it lêste kwart fan de wedstriid slagge Aris der yn om de lytse foarsprong te behâlden. Uteinliks eindige de wedstriid yn in 89-81 oerwinning foar de Ljouwerters.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)