Aris wint fan Leiden

16 mrt 2007 - 09:43

De basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn mei 84-65 wûn fan Leiden. De Ljouwerters spilen dominant en stiene de hiele wedstriid op foarsprong. By it skoft wie de stân al 48-37 yn it foardiel fan Aris.

Topskutter oan de kant fan Aris wie Herman_Favors mei 19 punten. De ploech fan André_Roorda stiet op dit stuit op it tsiende plak. It achtste plak jout rjocht op dielname oan de play-offs om it lânskampioenskip.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)