Aris wint fan Landstede

11 feb 2007 - 12:31
  • Aris-coach André Roorda

De basketballers fan Aris ha sneontejûn wûn fan Landstede Zwolle. Yn sporthal Kealledykje waard it 85-77. De earste helte hie Aris it mindere spul en by rêst stie de ploech 9 punten achter. Yn de twadde helte wurke Aris dy achterstân yn 4 minuten fuort. Dêrnei koene de Ljouwerters fierder útrinne.

Center Daniël_Russ kaam net yn aksje. Hy hat in blessuere oan de knibbel. Tiisdei wurdt der in mri-scan makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)