Aris wint fan Den Bosch: 69-66

27 nov 2010 - 22:40

De basketballers fan Aris ha foar in lytse stunt soarge troch mei 69-66 te winnen fan kampioenskandidaat Den Bosch. Earder dit seizoen ferlearen de Ljouwerters yn Den Bosch noch kânsleas mei 84-56 fan de Bosschenaren.

De wedstriid yn Ljouwert einige yn in spannende klimaks. Mei noch 2 sekonden op de klok en in stân fan 68-66 krige Aris twa frije worpen. Mark Sanchez makke der lykwols mar ien en dat wie genôch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)