Aris wint fan Bergen op Zoom

21 feb 2010 - 15:53

Aris hat sneontejûn mei 71-67 wûn. De Fryske basketballers leveren in goede prestaasje troch te winnen fan de nûmer twa fan de kompetysje Bergen op Zoom.

Yn in spektakelstik wie Tristan Blackwood, dy't syn lêste wedstriid spile, de grutte man by Aris. Mei syn 30 punten joech er himsels, syn ploechgenoaten en syn fans in skitterjend ôfskiedskado. Tristan Blackwood hat oardel jier foar de Ljouwerter ploech spile.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)