Aris wint fan Amsterdam

11 nov 2006 - 22:37

Basketbalklub WoonAris hat oertsjûgjend wûn fan de Astronauts út Amsterdam. De hiele wedstriid hie Aris in foarsprong fan sa'n tsien punten. Dy waard net mear út hannen jûn. It waard 88-75. Lawrence Hamm wie mei 26 punten de grutte man.

Troch de oerwinning stiet Aris no op in dield sechsde plak mei seis oare ploegen. Tiisdei spilet de ploech fan trainer André Roorda tsjin konkurrint Rotterdam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)