Aris wint fan Amsterdam

23 nov 2012 - 09:58

De Ljouwerter basketballers fan Aris hawwe tongersdeitejûn de wedstryd tsjin Amsterdam mei 91-85 wûn. It wie in drege oerwinning. It team fan coach Erik Braal hie grutte muoite mei de enerzjike spylstyl fan de Amsterdammers, de nûmmer lêst yn de Nederlânske earedivyzje.

Nei it earste kwart stie Aris dan ek achter, mei 16-27. Geandewei de wedstryd hellen de Ljouwerters de tsjinstanner yn, al like de foarsprong yn it fjirde en lêste kwart Aris noch hast te ûntkommen. Samme Givens wie mei 19 punten topskoarder by Aris. 

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)