Aris wint en bliuwt boppeoan

09 nov 2003 - 00:00

De basketballers fan Aris bliuwe oan kop yn de promoasjedivyzje. Aris stiet no boppeoan mei 14 punten út acht wedstriden. Twadde stiet Early Bird mei 12 punten, mar sy hawwe noch in wedstryd tegoede.

Aris wûn sneontejûn fan de Astronauts 2 mei 75-50. De ploech makke in goede start mei in 20-0 foarsprong, mar letter waard it spul minder sterk en gie de konsintraasje wat ferlern. Andy Erickson wie topskoarder mei 18 punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)