Aris wint ek fan Rotterdam

09 des 2010 - 22:13

De Ljouwerter basketballers fan De Friesland Aris ha tongersdeitejûn ridlik ienfâldich wûn fan de nûmer lêst yn de earedivysje, Rotterdam. De einútslach wie 83-69 foar Aris. Allinne yn it lêste kwart makke Rotterdam de measte punten, mar doe wie de wedstriid al lang spile. Calvin Chitwood wie mei tweintich punten topskoarder by Aris.

It wie de fyfde oerwinning op rige fan de Ljouwerters. Kommende sneon spilet Aris út tsjin Leiden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)