Aris wint earste thúswedstriid

21 sep 2003 - 00:00

De Ljouwerter basketballers fan Aris fersloegen sneon PSV mei 84 - 57. Aris drukte yn 'e twadde helte troch, mei rêst stiene de Ljouwerters noch mar trije punten foar. Grutte man by de Ljouwerters wie de Bulgaar Krum Toshev. By Aris makke âld-Donarspiler Eric Schuur syn debút. Aris wûn ferline wike ek de earste wedstriid.

Aris-trainer Simpson sloech syn eigen bril stikken út protest tsjin in beslissing fan 'e skiedsrjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)