Aris wint earste play-off-duel

18 apr 2013 - 22:29

Basketbalploech Aris hat de earste wedstriid yn de kwartfinales om it Nederlânsk kampioenskip wûn. Nei in tige spannende wedstriid bleau Aris krekt oan de goede kant fan de streep tsjin Landstede Zwolle. Yn it tredde kwart hie Zwolle noch in foarsprong fan 14 punten, mar doe kaam de Aris-masine aardich op gong en wûnen de Ljouwerters úteinlik toch noch mei 73-67.

Kommende snein is de twadde wedstriid yn Zwolle. De earste dy't trije kear wint, giet nei de heale finale.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)