Aris wint dik yn Zwolle

07 des 2011 - 22:13
  • Aris

Lasaulec Aris hat de tredde winst op rige binnen. Yn en tsjin Zwolle waard mei 73-52 wûn. De Ljouwerter basketballers makken it ferskil nei it skoft. Healwei wie de marzje mar ien punt: 28-27 foar Aris. It tredde kwart gong mei 25-9 nei de ploech fan Erik Braal en ek it lêste kwart wie foar Aris: 20-16. Lance Jeter mei 25 en Mark Sanchez mei 18 punten wiene de tûkste skutters. Op 12 novimber hie Aris fan itselde Zwolle noch mei 86-70 ferlern.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)