Aris wint de David-Cup

06 sep 2004 - 09:44

De Ljouwerter basketballferiening Aris hat dit wykein yn Meppel de David-Cup wûn. Yn 'e finale fan it toernoai wûnen de Ljouwerters tige ferrassend fan lânskampioen MPC Capitals út Grins mei 77-75. Yn 'e heale finale waard earder mei 94-87 ôfweefd mei Landstede Zwolle.

Yn 'e heale finale skoarde Justin Tatum 25 punten foar de Ljouwerters. Yn 'e finale wie Dallas Logan topskoarer mei 22 punten. De earste priis waard útrikt troch boargemaster Peter den Oudsten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)