Aris wer ûnderút yn ferlinging

08 jan 2011 - 22:36

De basketballers fan De Friesland Aris ha opnij yn de ekstra tiid de wedstriid ferlern. Nijmegen wie yn eigen hûs mei 100-95 de lokkichste. Nei de reguliere fjouwer kwarten stie der 85-85 op it skoareboerd. Yn trije fan dy fjouwer kwarten luts Aris oan 'e langste ein (26-22, 25-19 en 20-16). Allinne it tredde kwart wie rom foar Nijmegen: 28-14.

Yn de ekstra tiid naam Aris noch wol de lieding (95-91), mar dêrnei wie it dien mei de ploech fan Pete Miller.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)